SWS bliuwt yn spoar koprinner

11 mrt 2012 - 16:20

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei mei 1-1 lykspile tsjin MSC út Meppel. De Snitsers wiene de earste helte de bettere yn it spul, mar wisten dat net om te setten yn doelpunten. Yn de twadde helte waard de ploech út Meppel sterker en kaam yn de 72e minút op foarsprong. Lang like de wedstriid ôf te gean op in 1-0 ferlies foar de Snitsers, mar yn de 92e minút skeat ferdigener Michael Grendel de fertsjinne lykmakker binnen.

Troch it lykspul bliuwt Snits Wyt Swart yn it spoar fan koprinner Be Quick 1887.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)