Keunstreis nei Toscane

© Omrop Fryslân
Keunstsintrum De Meldij yn Drachten organisearret dit jier foar it earst in keunstreis nei Toscane. Dy streek yn Italië stie oan 'e widze fan ús Westerske kultuer. De reis sil wêze fan 11 oant en mei 18 maaie. Gadingmakkers moatte der rap bywêze, want opjaan kin noch oant en mei moandei 3 maart op telefoannûmer 0512-514293.
Gerrit Breteler jout in skilderworkshop en der stean ek kultuer-histoaryske kuiertochten op it program.