Zalm te set oer garnalekwestje

© Omrop Fryslân
Om de Steateferkiezings mear ûnder de oandacht te bringen komt Gerrit Zalm tiisdei nei Dokkum en omkriten. Hy wurde begelaat troch de Fryske VVD- listlûker Ton Baas.
Op it program stiet ûnder oare de haven fan Lauwerseach. De politisy wolle sjen oft der in oplossing is foar de garnalefloat. Dy hat in grouwe boete krige fan 'e NMa. De jûns is der yn 'e Lawei yn Drachten in politike jûn, dêr't Zalm sprekke sil.