In heale ieu koekjes bakke

© Omrop Fryslân
Koekjesfabryk Helwa yn Hallum fiert ein dizze moanne it 50-jierrich bestean. It bedriuw waard op 23 maart 1953 oprjochte oan it Noardfliet yn Ljouwert. De earste direkteur wie Wieger Hellema, de heit fan de hjoeddeiske direkteur. Letter ferhuze it fabryk nei Hallum.
De namme 'Hellema' is ûnderwilens feroare yn 'Helwa'. It fabryk fiert it jubileum ûnder oare mei in resepsje.