Politisy fytse rotondetocht

02 mrt 2003 - 00:00

Lanlike en provinsjale politisy meitsje takom freed in fytstocht troch Ljouwert. Se wolle dêrmei ûnderfining opdwaan mei de talrike minyrotondes yn 'e Fryske haadstêd. It Fytsersbûn, ôfdieling Fryslân, hat de tocht organisearre.

De trije noardlike provinsjes hâlde harren net oan 'e lanlike rjochtlinen foar rotondes. Fytsers op 'e rotonde soene yn 'e beboude kûm foarrang krije moatte en dêrbûten net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)