VVD:harksitting, gjin referindum

© Omrop Fryslân
De VVD-steatefraksje wol perfoarst gjin referindum oer de sweeftrein. Dat sei listlûker Baas fan de VVD freedtejûn op in ferkiezingsgearkomste mei de SP op de Gordyk. Om de miening fan de befolking te peilen wol de VVD harksittings hâlde. Dy hawwe lykwols meast in frijbliuwender karakter.
Neffens de SP is de rop om harksittings in ferkiezingsstunt. Neffens de VVD hat de partij al yn juny om harksittings frege.