Opnij slachtoffers pinpasfraude

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Bûtenpost en fan Kollum binne tongersdei jild kwytrekke troch fraude mei harren pinpas. De twa besochten jild te pinnen yn Bûtenpost, mar dat slagge net. Beiden waarden by de automaat oansprutsen troch in Ingelsk pratende frou, dy't har fertelde wat se dwaan moasten.
Sawol by de ynwenner fan Bûtenpost as by dy fan Kollum helle dat neat út en slokte de automaat de passen yn. Letter wie der dochs jild ôfskreaun.