Heideman wint 'alternative'

© Omrop Fryslân
Reedrider Jan Maarten Heideman hat yn it Finske Kuopio in alternative Alvestêdetocht wûn. Hy die oer de 200 kilometer fiif oeren en fyftich minuten. Heideman fersloech yn de sprint Bertjan van der Veen.
Van der Veen joech it yn de lêste hûndert meter op. Hy kaam binnen op fjouwer sekonden fan Heideman. Miel Rozendaal waard tredde, mei twa minuten efterstân op it duo. Peter de Vries waard fjirde.