Smellingerlân wol starters helpe

© Omrop Fryslân
Smellingerlân wol mear dwaan foar startende ûndernimmers. De gemeente ûndersiket oft der saneamde wykhannelssintra komme kinne. Dêr kinne starters út ein sette mei in eigen saak. Foaral allochtoanen wolle graach in eigen bedriuw begjinne.
Yn de wyk Noard-East yn Drachten komt in proef mei in wykhannelssintrum. De gemeente wol de starters stypje, omdat der yn dizze ekonomysk minne tiid tefolle nije ûndernimmers ôfheakje.