Kolleezje net te aaisykjen

© Omrop Fryslân
De Fryske deputearren sille sneon net meiïnoar te aaisykjen. Se wiene dat fan doel om sjen te litten dat se it aaisykjen stypje. Nei krityk fan de steatefraksjes fan de PvdA en GrienLinks giet it oer. Dy fine net dat it provinsjebestjoer sa'n publisiteitsstunt úthelje moat.
De fiif deputearren en kommissaris Nijpels hawwe wol in aaisikerskaart. Se sille no los fan inoar de kommende tiid it lân yn.