Iron Maiden nei Wâldrock

© Omrop Fryslân
Iron Maiden komt op Wâldrock. Al moannen waard der oer praat dat de feteranen fan de heavymetal, dy't al sûnt 1976 spylje, nei Burgum komme soenen. Har komst is freed definityf befêstige. Ek de bands Stratovarius (út Finlân), Madball en Clawfinger binne tafoege oan de programmearring.
It jierlikse festival foar hurde muzyk wurdt 21 juny hâlden. Mei elkoar spylje sechtjin bands, ferdield oer twa poadia.