Snits ferliest 1e play-off

11 mrt 2012 - 15:58

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn de earste wedstriid yn de play-offs mei 3-0 ferlern fan Peelpush. Yn Meijel wie Peelpush krekt wat te sterk tsûge de setstannen 25-20, 25-22 en 25-19.

Snein krije de Snitser froulju de kâns om yn eigen hûs revâns te nimmen yn de returnwedstriid.

(advertinsje)