Faasje toand oan automobilist

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim krijt as earste Fryske gemeente in saneamde 'Tempo-info-zuil'. Dat is in apparaat dat de faasje fan automobilisten mjit en dy snelheid ek oan de bestjoerder sjen lit. It doel is dat de bestjoerder syn gong oanpast as dy te heech is.
De gemeente Boarnsterhim wol de ynformaasjepylder graach brûke om't ynwenners fan in soad doarpen en buerten yn de gemeente it gefoel ha dat sjauffeurs dêr te rap ride.