Hakansson útliend

28 feb 2003 - 00:00

Jesper Hakansson fan fuotbalklub SC Hearrenfean wurdt per direkt ferhierd oan de Deenske klub Viborg FF. De 21- jierrige middenfjilder is krekt hersteld fan in swiere blessuere fan oardel jier. Hy komt by de klub fan Foppe de Haan net mear oan spyljen ta.

De klub Viborg FF stiet op dit stuit twadde fan ûnderen yn de Deenske kompetysje. Degradaasje driget foar de klub.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)