Trije deaden yn Frysk ferkear

© Omrop Fryslân
Op de A31 tusken Dronryp en Marssum binne tongersdei in frou fan 44 út Den Haach en har soan fan 5 jier om it libben kaam by in slim ûngemak. In oare soan (10) waard mei ferskynsels fan ûnderkuolling nei it sikehûs brocht.
Tusken Holwert en Ternaard kaam in jonkje fan 8 jier om it libben. Hy ried mei op in trekker op 'e provinsjale dyk. Doe't de trekker mei jarretank ôfsloech, kantele er en kaam it jonkje derûnder. Hy wie op slach dea.