De Kast krijt gjin jild

© Omrop Fryslân
Klaas de Jong hoecht De Kast earst noch gjin 131.000 euro werom te beteljen. Dat bepaalde de rjochter tongersdei. De eardere manager fan De Kast krige it jild doe't hy en de band ferlne jier útelkoar giene. De rjochter sei wol dat De Jong syn boekhâlding oer De Kast beskikber stelle moat foar in ûndersyk.
De Kast is tefreden oer de útspraak en wol dat de boeken troch in ûnôfhinklik ekspert besjoen wurde. Dan moat dúdlik wurde oft De Jong tefolle krigen hat.