Gjin softdrugs yn Opsterlân

27 feb 2003 - 00:00

Opsterlân jout gjin fergunningen ôf foar de ferkeap fan softdrugs. Yn 1997 lei dat beslút der al. Ferline jier koenen de ynwenners har miening oer de kwestje jaan. Ek de gemeenteried prate op 'e nij oer it softdrugsbelied.

Ut de diskusjes hat bliken dien dat gemeente en ynwenners wolle dat it besteande belied bliuwt. De boargemaster hat besletten ek yn de takomst gjin fergunningen foar de ferkeap fan softdrugs ôf te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)