Ekstra ried op It Amelân

27 feb 2003 - 00:00

De gemeenteried op It Amelân hâldt tongersdei in ekstra riedsgearkomste oer de opfang fan asylsikers. It eilân wol de opfang sels regelje no't it COA de flechtlingen fan it eilân ôf set. De helte fan de 56 asylsikers moat nije wike ferhúzje nei asylsikerssintra yn Burgum, Drachten en Dokkum.

De gemeente wol de asylsikers opfange mei help fan de stichting Inlia, de provinsje en de wenningbouferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)