Mishanneling mei flesse

© Stock.xchng, Trublueboy
Yn Dokkum is in 25-jierrige Ingwierrumer sneontejûn ferwûne rekke doe't er in flesse tsjin de holle krige. De man hie dêrfoar jild pind en makke dêrby in opmerking tsjin in jonge dy't achter him stie. Nei it pinnen fytste de Ingwierrumer fuort, mar de oare gie achter him oan.
By in hoarekagelegenheid yn de Keppelstrjitte krige er in flesse tsjin de holle. Oare klanten seagen dat en bemuoiden harren der ek mei. De 25-jierrige waard doe ek noch slopt en slein troch harren.