Stimme oer moasjes

© Omrop Fryslân
De fiif opposysjepartijen, FNP, D66, GrienLinks, Gemeentebelangen Fryslân en ChristenUnie, ha in moasje yntsjinne. Se wolle dat it beslút dat de Steaten yn juny fan ferline jier nommen hat, weromdraait. Doe is besluten dat de provinsje 200 miljoen euro beskikber stelt foar de trein.
De VVD tsjinne ek in moasje yn. De partij wol it folk rieplachtsje oer de sweeftrein. Binnen in moanne moat DS in plan fan oanpak en tiidspaad hawwe.