Bijman: 'trochgean mei plannen'

26 feb 2003 - 00:00

Deputearre Bijman (CDA) ljochte by it debat de skiednis fan de sweeftrein ta. Yn 1998 sleaten de trije noardlike provinsjes it Langman-akkoart. Dêryn stie de rappe ferbining mei de Rânestêd. Heal 2002 soe dêrfoar in masterplan lizze. Dy oerienkomst tusken ryk en regio is der noch net.

Bijman pleite tsjin it foarstel. 'It tsjûget net fan politike realiteit.' Oant 2008 komme noch fiif mominten om te beslissen oft trochgien wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)