'Helderheid oer stânpunten'

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten hie woansdei in ekstra gearkomste. Dy is streekrjocht útstjoerd op radio en televyzje fan Omrop Fryslân. Fiif partijen fan de opposysje hienen it foarstel foar in ekstra debat yntsjinne.
Jan van der Baan fan de FNP ljochte it ta. Hy wol lang om let dúdlikheid ha oer de magneetsweeftrein. Dat is fan belang mei it each op de kommende Steateferkiezings. De kiezer moat witte wat de stânpunten fan de partijen binne.