Ofsjitten hazzen & einen tastien

© Omrop Fryslân
De Ferwerter boer dy't seekraal en seeaster ferbout yn it waadgebiet mei hazzen en wylde einen ôfsjitte. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert bepaald. De Waadferiening focht de jachtfergunning oan. Neffens de rjochter is dêr lykwols neat mis mei.
De provinsje hat de fergunning ôfjûn om't hazzen en wylde einen foar skea oan it gewaaks soargje. Neffens de Waadferiening wie net goed ûndersocht oft de skea te grut wie.