Gjin kollektebus op stimburo's

26 feb 2003 - 00:00

By de Steateferkiezings op 11 maart komt gjin kollekte foar de Fûgelpits yn Eanjum. De boargemasters fan Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân jouwe dêr gjin tastimming foar. De gemeenteried fan Dantumadiel wie wol posityf oer de kollekte.

By de lanlike ferkiezings yn jannewaris waard op de stimburo's kollekteard foar Afrika. Neffens boargemaster Bilker wie dat útsûnderlik en moat it sa rêstich mooglik bliuwe op de stimburo's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)