Dochs jild foar Fûgelpits

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum krijt lang om let dochs noch jild fan it ministearje fan Lânbou. Mei elkoar is 45.000 euro beskikber foar fiif opfangsintra yn Nederlân. Twa jier lyn wie it jild al tasein, mar it wie noch nea oermakke.
De opfangsintra moatte wol oan de lânbouminister dúdlik meitsje wêr't se it jild foar brûke. Gaatske Wiersma fan De Fûgelpits is bliid mei de stipe, mar se moat earst it jild ha foar't se it echt leaut.