COA siket om in oar plak

25 feb 2003 - 00:00

It COA siket in nij plak foar de asylsikers fan It Amelân dy't nei it azc yn Kollum ferhúzje moasten. De gesinnen meie foarearst op it eilân bliuwe. By de oare groep komt nei alle gedachten dizze wike al in doarwarder.

It COA giet net yn op it oanbod fan Inlia út Grins om taken fan it COA oer te nimmen. De asylsikers soenen op it eilân bliuwe kinne. De kosten soenen foar rekken fan gemeente, provinsje en de wenningbouferiening komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)