Ierlân krijt Gaelic krante: Lá

© Omrop Fryslân
Fan 28 april ôf krijt Ierlân wer in folslein Iersktalige krante. De krante hjit Lá (Iersk foar dei) en sil yn Belfast printe wurde. Lá ferskynde al earder as deiblêd fan 1984 oant 1992, mar wie de lêste tsien jier wykblêd.
Om in nije start as deiblêd mooglik te meitsjen hat Lá oandielen fan 750 euro ferkocht. Fierder rekkenet Lá op stipe fan 'e Ierske oerheid. De ferline wike sletten Baskyske krante Egunkaria is in wichtich foarbyld foar Lá.