Greidhoeke is eigensinnich

25 feb 2003 - 00:00

De Greidhoeke yn Wommels fiert de nije regeling fan it ryk net út dat partners yn it fersoargingshûs net by elkoar wenje kinne. It sintrum hat op ferskate plakken fersoarhingshuzen. Mei elkoar binne der 450 bewenners.

Finansjeel kin de regeling it sintrum jild kostje. Neffens it ryk kin it net langer sa wêze kin dat twa partners yn it fersoargingshûs wenje, as mar ien fan har dêr rjocht op hat. De regeling soe 1 april yngean moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)