Nije Fryske film mei Westra

© Omrop Fryslân
Rense Westra spilet in haadrol yn de nije koarte Fryske film Utgong. De akteur, bekend as Beant Baas út de Omropsearje Baas boppe baas, spilet in feriensume man. Trije jonge Fryske filmmakkers meitsje de film. Dy is bedoeld as oanklacht tsjin de hjoeddeiske maatskippij dêr't âlderen oan har lot oerlitten wurde.
De opnames begjinne yn maart yn Grou. De film kostet 15.000 euro. Dat jild komt ûnder oare fan subsydzjes.