Reaksjes plan Harnzer sintrum

© Omrop Fryslân
Harns praat nije wike oer de fierdere ûntjouwing fan de binnenstêd. De gemeente hie in fyzje opsteld dêr't de ynwenners op reagearje koenen. In mearderheid is foar it ôfsluten fan de Voorstrjitte foar it ferkear.
De gemeente wol de strjitte inkeld ôfslute foar frachtferkear. Dy meie der foar tsienen komme om guod oan winkels ôf te leverjen. De fyzje foar it Harnzer sintrum wurdt meikoarten offisjeel troch de ried fêststeld.