Sloop skuorre net trochset

24 feb 2003 - 00:00

De sloop fan in yllegale skuorre yn Wytmarsum is moandei net trochgien. Yn de skuorre fan de famylje Visbeek lizze noch lamjende skiep.

Oer de skuorre is in konflikt ûntstien. Neffens de gemeente past er net yn it bestimmingsplan. Mar neffens Visbeek is it hielendal gjin skuorre, mar in mitsele muorre dêr't mei strie, plestik en hout in hok omhinne boud is. De gemeente komt yn maaie werom om it bousel fuort te heljen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)