Kosten azc Amelân noch ûndúdlik

24 feb 2003 - 00:00

De gemeente Amelân hat noch altyd gjin dúdlikens oer de kosten fan de opfang fan de asylsikers op it eilân. It COA soe oanjaan hoefolle oft ferfangende opfang kostje moat.

It COA wol it asyl slute, mar de bewenners besykje dat te kearen. Mocht de rjochter it COA gelyk jaan, dan wol de gemeente de opfang fan de asylsikers miskien betelje oant de simmer. Moandeitejûn sil de gemeenterie him dêr oer útsprekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)