Protest tsjin sluten Egunkaria

24 feb 2003 - 00:00

Tsientûzenen Basken binne dit wykein de strjitte op gien om te protestearjen tsjin it sluten fan 'e iennichste Baskysktalige krante 'Egunkaria'. De makkers fan 'e krante rjochten fuortendaliks in nije krante op mei as namme Egunero (Alle dagen).

Fan dy nije titel waarden snein sa'n 100.000 eksimplaren ferkocht, folle mear as de oplage fan Egunkaria. Egunkaria is sletten omdat meiwurkers fertocht wurde fan ETA-kontakten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)