Eastereiners krije nijbou-enkête

24 feb 2003 - 00:00

De ynwenners fan Easterein hawwe sneon in enkête yn 'e bus krigen oer de nijbou fan wenten yn it doarp. Opsteller is direkteur Veenstra fan boubedriuw Veenstra yn Easterein. Hy hat grûn yn nijbouplan de Boomgaard mei romte foar alle 44 wenten dy't der yn it doarp komme meie oant 2011.

De Eastereiners kinne kieze tusken trije farianten. De gemeente hat foar de earste 15 wenten ek noch twa oare lokaasjes op it each.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)