Trelit oer spoeddebat

© Omrop Fryslân
CDA-deputearre Bijman fynt de hâlding fan de opposysje yn de Provinsjale Steaten koartsichtich. It inisjatyf om in spoeddebat oan te freegjen oer de sweeftrein is neffens him net reëel. Yntusken hat kommissaris Nijpels it debat útskreaun foar woansdeitemiddei.
De koalysjepartijen CDA, VVD en PvdA fine de hâlding fan de opposysje ferkiezingspraat. Troch geharrewar oer de sweeftrein kin de provinsje miljarden misrinne, sa warskôgje se.