Grouster kampioen snertsieden

© Omrop Fryslân
Grou hat der in echte wrâldkampioen by. It giet om Sjoerd Flameling. Yn Grins waard de sjef-kok fan restaurant Oostergoo yn Grou ôfrûne wykein wrâldkampioen snertsieden.
De snert waard ûnder oaren beoardiele op syn smaak, op de yngrediïnten en op de presintaasje. It âld-Hollânske miel fan Flameling krige in sifer fan 7,5. Dat wie goed genôch foar de titel.