Boekebal iepent Fryske boekewike

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert wie sneon it tradisjonele Fryske Boekebal as start fan de Fryske boekewike 2003. Ek dit jier is der wer in boekewikegeskink, dat fergees krigen wurdt by oankeap fan in Frysk boek. Durk van der Ploeg skreau in novelle mei de titel 'Sniewinter'.
Neffens Durk Hibma, direkteur fan Stifting It Fryske Boek, is in Fryske boekewike noch hieltyd goed foar de ferkeapsifers fan Frysktalige boeken. De boekewike begjint woansdei.