Smith fuort by Aris

23 feb 2003 - 00:00

Malcolm Smith is per direkt ferwidere út de seleksje fan basketbalploech Aris út Ljouwert. De Amerikaanske topspiler soe him neffens de club ûnsportyf gedrage.

Sels seit Smith dat de problemen ûntstien binne trochdat de club har ôfspraken net neikommen is. Smith giet dizze wike noch werom nei Amearika. Ek Jean Pierre Smiet giet dizze wike by Aris wei. Hy is solidêr mei Malcolm Smith.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)