Nijenhuis en Wijsman op poadium

© Omrop Fryslân
De Fryske dielnimmers oan it NK sprint reedriden ha aardich presteard. Talint Beorn Nijenhuis, tsjintwurdich wenjend yn It Fean, waard tredde. Hy ried twa goede 1.000 meters. Jan Bos waard mei gemak kampioen, Gerard van Velde foel op de lêste ôfstân.
By de froulju waard Marieke Wijsman twadde, op in strjitlingte ôfstân fan winneres Timmer. Elma de Vries helle in fjirde plak, Wieteke Cramer waard sande. Nuyt melde har snein siik.