Koart nijs

23 feb 2003 - 00:00

De plysje hat sneintenacht yn De Jouwer nei in achterfolging in 17-jierrige jonge út Ouwster Nijegea oanholden. Dy sleepte op de fyts in ferkearsboerd mei. De jonge kaam by de achterfolging yn in sleat telâne.

Yn Hurdegaryp is sneon ynbrutsen yn in wenning oan de Drijberweg. De dief koe der yn komme fia in balkondoar. De bút bestie út in pear tûzen euro, sieraden en in horloazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)