Dronken automobilist raamt hûs

23 feb 2003 - 00:00

In 18-jierrige Eastrumer hat yn de nacht fan sneon op snein mei de auto in hûs oan de Mûnebuorren yn Anjum raamd. De foargevel fan de wenning is dêrtroch ûntset.

De Eastrumer siet mei tefolle drank op achter it stjoer. Boppedat hie er gjin rydbewiis en ried er, sûnder tastimming, yn in oar syn auto. De plysje hat de man oanholden en meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)