Liuweprint foar Mulder/Poiesz

© Omrop Fryslân
It boek 'Wat ha wy in wille hân' fan skriuwer Albert Kornelis Mulder en foarmjouwster Karin Poiesz, hat snein de Liuweprint 2002 wûn. De Liuweprint is de priis foar it best fersoarge oarspronklike Fryske boek.
De sjuery kende de Welpeprint, de priis foar it best fersoarge berneboek, dit jier net ta. Net ien fan de nominearren kaam yn oanmerking. 'Sa'n priis moat út it hert komme,' sei de sjuery. 'En dat wie net it gefal.'