Man fan balustrade treaun

23 feb 2003 - 00:00

Yn Ljouwert is sneontejûn in man fan in balustrade treaun. Dat barde yn in útgeansgelegenheid oan it Ruterskertier. It slachtoffer is in 29-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Hy wie nei de fal ferwûne en bewusteleas.

Troch oanwizings fan tsjûgen koe de plysje in fertochte oanhâlde, dy't tige balstjurrich reagearre. De plysje hat him meinommen en ûndersiket wêrom't de fertochte de man nei ûnderen treaun hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)