Gjin sanearing smoarge feart

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel wol earst neat dwaan oan de Minnertsgeasterfeart yn Tsjommearum. Dy is slim fersmoarge, mar de gemeente hat gjin jild foar sanearing.
Undersyk hat útwiisd dat der yn de feart slim fersmoarge bagger leit. De feroarsaker is nei alle gedachten transportbedriuw Althusius, dat yntusken ferhuze is nei Ljouwert. De gemeente ûndersiket oft de skea noch op it bedriuw ferhelle wurde kin.