GrienLinks wol enerzjy-ôfspraken

22 feb 2003 - 00:00

GrienLinks wol dat Deputearre Steaten avesearje mei konkrete plannen om yn Fryslân wyn- en sinne-enerzjy te produsearjen. It provinsjebestjoer moat mei foar- en tsjinstanders om 'e tafel en ôfspraken meitsje oer hoe en wêr yn Fryslân op duorsume wize enerzjy makke wurde kin.

De ôfspraken moatte fêstlein wurde yn in Duorsume Enerzjynota foar Fryslân. Aksjefierders setten sneon twa sabeare wynmûnen by Harns del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)