Jachtfergunning Waad ûnder fjoer

21 feb 2003 - 00:00

De Waadferiening wol dat de seekraal- en seeasterteler út Ferwert ophâldt mei de jacht op hazzen en wylde einen yn it Waadgebiet. De feriening focht freed de provinsjale fergunning oan. De boer mei hazzen en wylde einen ôfsjitte om't se skea feroarsaaksje oan it gewaaks.

De Waadferiening fynt dat de provinsje net goed ûndersocht hat oft de skea te grut is en oft der ek oare bisten binne dy't de planten en siedden opite, lykas guozzen. Utspraak: takom wike woansdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)