Briljante Westra 2e Parys-Nice

11 mrt 2012 - 14:50

Lieuwe Westra hat mei in fenomenale tiidrit de etappekoers Parys-Nice as twadde ôfsletten. Yn de race tsjin de klok, de klimtiidrit oer 9,5 kilometer op de Col d'Eze, moast er seis sekonden goedmeitsje op lieder Bradley Wiggens. De striid tusken de beide tiidritspesjalisten wie spannend. Wiggens wûn de tiidrit yn 19.12.12, Westra klokte de twadde tiid yn 19.14.10.

Yn it einklassemint moast Westra acht sekonden tajaan op de Brit, mar de ynwenner fan De Tynje makke opnij yndruk. Dat die er earder ek al mei winst yn de 5e etappe.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)