Riedslid CU út gemeenteried set

21 feb 2003 - 00:00

Fraksjefoarsitter Pieter van Veen fan de ChristenUnie is út de ried fan Kollumerlân set. Van Veen is plysjeman en soe dêrom wolris yn konflikt komme kinne mei syn funksje as riedslid. De wet ferbiedt dat.

Van Veen is ferline jier keazen en yn de ried kommen. Om problemen foar te kommen, hie er syn taak as ME'er by de plysje al opjûn. Kollumerlân stelde lykwols in ûndersyk nei belangeferstringeling yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)