Moaie opdracht Frysk reklameburo

© Omrop Fryslân
Vos & Libert-reklame út Ljouwert hat in grutte opdracht fan Campina Food Service krigen. It reklamebedriuw sil aktiviteiten opstarte om de produkten fan it suvelkonsern by in breder publyk bekend te krijen. It giet dan om produkten lykas Yogho Yogho en Fruitzuivel.
Ek foar it konsern Mona is Vos & Libert yn 't spier om mear bekendheid foar de produkten te krijen.