Yngripen Aldjiersrellen wie goed

© Omrop Fryslân
Justysje hat syn nocht fan de krityk op it plysje-optreden yn 'e Aldjiersnacht. Yn 'e doarpen Nijehoarne, Garyp en Aldwâld gie it need mei de jierwiksel. Der waard omraak fernield en brânstichte. Plysje en brânwacht waarden sels ek bedrige. Justysje hâlde letter mei in protte bombarje tsientallen minsken oan. Neffens parseoffisier Oebele Brouwer wurkje de doarpsbewenners net genôch mei om't se neat sizze wolle.